Mindert Wijnstra brengt een avondvullend programma met oude volksverhalen.

De meeste van deze volksverhalen spelen in Friesland, maar er zijn ook buiten de provincie altijd wel een paar bij uit de plaats of de omgeving waar verteld wordt. Mindert Wijnstra is een kenner bij uitstek van streekverhalen. In 1997 publiceerde hij de bundel ‘It Kweade Wiif Fan Hylpen’ met zestig verhalen waarvan nog sporen terug te vinden zijn in stad en dorp, zoals het Sint Petrusbeeld van Workum, het poepekrús bij Hardegarijp of de moordenaarsboom bij Balk.

In zijn programma neemt hij de toehoorders in hun verbeelding mee langs bekende en minder bekende plaatsen. Het zal door de spannende manier van vertellen weinig moeite kosten om mee op reis te gaan, bijvoorbeeld met het betoverde skûtsje, dat niet vooruit was te branden, of met de jonker vanHarkemastate, waarvan alleen de schedel terugkeerde…

Het zijn overigens niet alleen spannende verhalen die verteld worden, want de oude volksverhalen gaan ook over de zwakheden van de mens, over de domheid, de afgunst en de liefde, kortom: over het leven zelf. Vrolijke pastoors- en domineesverhalen worden afgewisseld met verhalen over domme boeren en slimme schippers, of omgekeerd. En ook de natuur komt aan bod. Wijnstra vertelt verhalen over de hond, over vogels en vissen, over de eik en het riet, over natuurlijke en bovennatuurlijke zaken. Het is een luchtig programma met veel variatie.

Het programma heeft geen vaste indeling of lengte. Er kan een hele avond of middag mee gevuld worden (bijv. 2 x een uur), maar ook een deel van een avond. Verhalen kunnen ‘tussendoor’ verteld worden of afgewisseld met muziek.

Mindert Wijnstra vertelt zowel in het Fries als in het Nederlands.

Mindert Wynstra bringt in ûnderhâldend programma mei âlde folksferhalen.

It grutste part fan dizze ferhalen spylje yn Fryslân en der binne altyd wol in pear by út it plak of de krite wêr’t ferteld wurdt. Mindert Wynstra is goed op ‘e hichte fan lokaasje-ferhalen. Yn 1997 publisearre hy de bondel ‘It Kweade Wiif fan Hylpen’ mei sechstich ferhalen dêr’t noch spoaren fan werom te finen binne yn doarp of stêd, lykas it Sint Petrusbyld fan Warkum, it poepekrús fan Hurdegaryp of de Moardnersbeam by Balk.

Yn dit programma nimt hy de oanwêzigen ‘yn gedachten’ mei nei bekende en minder bekende plakken yn Fryslân. Troch de spannende wize fan fertellen sil it de measten gjin muoite kostje om mei op reis te gean, bygelyks mei it betsjoende skûtsje, dat net foarút te brânen is, of mei de jonker fan Harkemastate, dêr’t allinnich de deadsholle fan weromkomt…

It binne nammers net allinnich spannende ferhalen dy’t ferteld wurde, want yn dy âlde folks-ferhalen giet it ek gauris oer de swakheden fan de minske, oer de dommens, de oergeunst en de leafde, koartsein: oer it libben sels. Fleurige pastoars- en dominysferhalen wurde ôfwiksele mei ferhalen oer domme boeren en snoade skippers, of krekt oarsom. Ek de natuer komt oan bod. Wynstra fertelt ferhalen oer de hûn, oer fûgels en fisken, oer de iik en it reid, oer natuerlike en boppenatuerlike saken. It is al mei al in fleurich programma mei de noadige fariaasje.

It programma hat gjin fêste yndieling of lingte. Der kin in hiele jûn of middei mei folle wurde (bygl. 2 x in oere), mar ek in part fan in jûn. Ferhalen kinne ‘tuskentroch’ ferteld wurde of ôfwiksele mei muzyk.

Mindert Wijnstra fertelt yn it Frysk of yn it Nederlânsk.