Op aanvraag en in overleg organiseert Mindert Wijnstra een fietstocht met verhalen voor groepen van 8 – 50 personen. De verhalenverteller voert u via een prachtige fietsroute langs een tiental bijzondere plekken in de Zuidwesthoek van Friesland, waar hij verhalen vertelt die te maken hebben met die plaats of de omgeving. De kliffenkust langs het IJsselmeer, de Gaasterlandse bossen en het Friese merengebied vormen een streek waar veel volksverhalen hun oorsprong vinden.


Deze sagen, legenden en historische verhalen spreken het meest tot de verbeelding als ze verteld worden op de plek waar ze spelen, met het ruisen van de wind in de bomen of het klotsen van het water tegen de oevers.


Als de omstandigheden meewerken, hoort u misschien nog het gebeier van de klokken van het klooster Sint Odulphus diep in  de onderwereld of voelt u de aanwezigheid van reuzen op het Roode Klif. En wat te denken van de hazen in het veld bij Molkwerum… zijn het niet de heksen van weleer?


De tocht van 30 km. duurt ca. 4 uur, inclusief de rust op een terrasje aan het water halverwege. Een kortere tocht is ook mogelijk.


Startplaats en eindpunt kunnen in overleg worden afgesproken.


In plaats van een fietstocht kan ook een wandeltocht met verhalen gemaakt worden, bijvoorbeeld in het Rijsterbos, of een vaartocht met verhalen op een praam.
(Kijk voor de laatste mogelijkheid: www.simmermoarn.nl)




Op fersyk en in oerlis organisearret Mindert Wijnstra in fytstocht mei ferhalen foar groepen fan 8 – 50 persoanen. De ferhaleferteller nimt jo mei op in prachtige fytstocht by in tsiental bysûndere plakken lâns yn de Súdwesthoeke fan Fryslân, dêr’t hy ferhalen fertelt dy’t te krijen hawwe mei dat plak of dy krite.De kliffekust by de Iselmar, de Gasterlânske bosken en de marren foarmje in oerâld lânskip dêr’t in protte folksferhalen harren oarsprong fine.


Dizze sêgen, leginden en historyske ferhalen sprekke it meast ta de ferbylding as se ferteld wurde op it plak dêr’t se spylje, mei it rûzen fan de wyn yn de beammen of it skolferjen fan it wetter yn de bedelte.


As de omstannichheden meiwurkje, hearre jo mooglik noch it slaan fan de klokken fan it kleaster Sint Odulphus djip yn de ûnderwrâld of fiele jo de oanwêzigens fan reuzen op it Rea Klif. En wat te tinken fan de hazzen yn it fjild by Molkwar… binne it net de heksen fan alear?


De tocht fan 30 km. duorret sa’n 4 oeren, ynklusyf de rêst op in terraske oan it wetter op healwei. In koartere tocht is ek mooglik.


Startplak en einpunt kinne in oerlis ôfpraat wurde.


Ynstee fan in fytstocht kin ek in kuiertocht mei ferhalen makke wurde, bygelyks yn de Rysterbosk, of in fartocht mei ferhalen op in pream.
(Sjoch foar de lêste mooglikheid: www.simmermoarn.nl)